![]() |
Moedertaal
ik dreamde fan in kwelderboer
mei driuwpôlen as fingers
syn faam, redens om ’e nekke
hold it izer tsjin myn hert
is frysk wol jo memmetaal?
ik fertelde fan myn bernetiid
makke fan ús stedspark in pleats
ik tute mei in boeresoan
tusken waarme koweliven
praatst te geef, rôp de faam
de kwelderboer krige my beet
spuide seadden yn myn kiel
ik koarre gooischke r’en út
de faam kleaude myn tonge
út de spjalt woeks in pompeblêd
út de bondel:
Fier dyn eigen Taal (Frysk en Frij, 2025)

Geen opmerkingen:
Een reactie posten
uw reactie wordt buitengewoon op prijs gesteld. Blijf boven de gordel ;-)
Opmerking: Alleen leden van deze blog kunnen een reactie posten.