De Ferbining mei jo Plak.
Sitaat fan The Plastic Soup Surfer Merijn Tinga, Surfer, kunstenaar en bioloog:
"do bist allinnich frij as't dyn ferantwurdlikheid nimst"
Mear as fiif jier - nei de befrijing - bin ik berne. Aagje, myn suster is berne yn 1938. Earste en iennichste bern yn it Hylper Likhûs fan Piet&IJmkje Midden yn de oarloch wie se fjouwer. Doe't yn de oarlochsjierren in besite oan Likhûze Smit kaam, keas it pjuttefamke Aagje har fêste plak. Op de houten bernestoel foar de Swaaidoarren fan it beskildere kistbêd. Unûnderbrutsen, ademloos, stil en oan in stôk spikere oant de besite wer ferdwûn. Yntuïtyf en tûk foar in fjouwer-jierrige blokte se de tagong ta it doaze bed. Sa beskermje se it geheime plak fan hait syn yllegale radio.Myn âlden fertelden dit ferhaal. Letter joech se it sels ek ta, as Frije Folwoeksen Frou.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten
uw reactie wordt buitengewoon op prijs gesteld. Blijf boven de gordel ;-)
Opmerking: Alleen leden van deze blog kunnen een reactie posten.