Pagina's

donderdag 9 november 2017

De legende fan ame Gijs

De legende fan ame Gijs

Yn in húsjen oen 't Achtfutten,
wenne ame Gijs,
klaenweske yn 'e Sylroede,
sóms wol trê kear deis.

Altyd wied se oen it skreppen
yn en óm it hús,
op dit plakjen by it wetter,
feelde jó jer thús.

Yn 'n naet begôn hönn' te kraeien
en wied gaans oerstier:
graete flammen yn 'e keuken,
't wied een en al fier.

Fan 't libben waard ame wekker,
morkte fan 'e braand,
b'gôn út alle macht te blussen
mei wetter en saand.

Sûnt dy naet mist hönne in poat.
Ame sooch it goo.
Hy hipte efter 't gaes fan 't hok
langs in spôr fan bloo.

Mei yn it hok in paer kypen
en 'n hönn' op een poat,
libbe jó der freadich,
rest waard naat ferstoard.

As in hûnd mei kleurde fearen
wekke hönne trou,
oer it heem en likje wenning,
fan dizz' aalde frou.

Born kômen wol gaauris freegjen
nei hönn' op een poat,
jêgen him den op, skreauwden lúd,
rest wied gaans ferstoard.

Jûnges geengen tróch mei pesten,
dot wied 'n graeten plaich,
dertróch lôi er nei in tiidjen
mei syn poat ómhaich.

Ame Gijs faend 't só hertsearich,
jerr' lêv' hönne daa.
Gin een mear óm op te pasjen,
fôr jer 'n graeten skaa.

Ame rekke búten sinnen,
draifd' oer de strete,
woed fynde dy smôrge jûnges,
en nim jerm d' mete.

Op 'e glodde Skoelebrêge,
fael se tróch jerr' haest,
en gleed só yn 't kaalde wetter,
ach, 't ys alderraerst.

Yn 't wetter fan 'e Sylroede,
ys jó dê sûnken,
yn it wetter by de brêge,
ys jó ferdrûnken.

Likje born worde warskouwe
tróch jerr' fear en mem:
'Kóm naat te ticht by it wetter,
am' Gijs grypt jimm' den.'

Yn 'e Sylroede driuwt 'n keunstwork,
as 'n grypende haend,
yn it wetter wur't ame Gijs
jerr' lest' restplak faend.

Wiebe Zoethout

Mei tank oen:
    Roelie Bakker
    Tine Mulder
    Boukje Amsterdam

N.B. Ame Gijs ys naat desolde as Kranke-möi.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten

uw reactie wordt buitengewoon op prijs gesteld. Blijf boven de gordel ;-)

Opmerking: Alleen leden van deze blog kunnen een reactie posten.