woensdag 14 december 2016

It haivenborn

It haivenborn.

Op 'e haiven, der ys myn bestaen fergeenzen,
nougentin wied yk.
Yk slopte yn 'n hús mei bretsen kappe,
op de haichste ferdêping.
De reddingsboat lôi oen fôr myn rúte.
Alle ienden jooch de stea him oer
oen de baeren van de sea.
Ja, nougentin wied yk en klaiverjaste
mei Wieringer, Urker en Lemster fiskers.
Jê kômen út de kèald mei òren en aichhieren fol saalt en
fraeten hûmpen raau bargeflesk.
Ach, dot stekken fan de kaarten, mei swikken en mei klaiverjassen
waen yk altyd. Dernei, môrns ier 'n skofjen yn de leugenbank,
dot tempeltjen fan ferkòkering.
De  kafeas epen oent iens èalven oeren,
jerre aalde frygesellen oen de rûnde taffel.
In jukebox yn 'e hook, saalte aapjes, geile Dútse fantjens,
skreauwende patatmókken langs 'n ferlotten skepedyk.
Fanút 'n grize sea langs de Graet Serke stoet it saalte wetter
oer de glysterige besaalten.
Langs brêgen en basaalten libbenswiis worden
op 'n fouwerkaante sentymeater.
Oen de kyme in oensichtbere streap,
'n leste blik oer de mor.
Mei de skaeren, de bótten, de bleien en de  krabben yn de fiskôfslach
geeng ek 't haivenbòn út de sixties staedichoen ferlónd.




Hylper worden: Anske Smit