donderdag 1 september 2016

Haivenbòn


Haivenbòn

Der ys myn bestaan fegéénzen.
Naugentin wië iek
Iek slopte yn 'n hûûs mei brètsen kappe. 
Op de haichste fedèping.
De reddingboat lòy oen foar mien rûût.
Alle iënden léverde de Stea jèr oer,  
oen de baaren van de See.
Ja, naugentin, wië yk en klaverjaste 
mei Wieringer, Urker en Lemster fiskers. 
Jè kòamen ût de kèld, jerre òaren en wimpes seeten fol sââlt en 
fréten hoempen ràauw bargeflèsk
Ach dót stekken fan de kââten, mei swikken en mei klaiverjassen 
wòën yk immer. Dernei, moarns iër 'n skofjen yn de leugenbank, 
dot tempeltjen fan fekòkering.
De  Café's épen tot iëns elven oeren
Jerre ââlde frygesellen oën de roende taffel. 
Un djoekboks yn de hook, Sálte aapjes. Geile Dûûtse fàntjens
Skréuwende patatmeeuwen langs 'n felotten sképedyk, 
Fanût 'n gryze See langs de Graot Serke stoët ut sââlte wetter 
oer de glinsterjende besaalten. 
Langs breggen basalten libbenswiës wodden 
op ń fouwerkaante sentiméter. 
Oen de kim 'n oensichtbere stréép,  
`n Leste blik oer `t mör.
Mei Skarren, Botten, Bleien en Krabben yn de fiskòslach, 
geeng ek 't Haivenbòn út de sixties stòadich felont.


Hylper wodden: Anske Smit