Doorgaan naar hoofdcontent

Berichten

Berichten uit januari 25, 2014 weergeven

Grutte poëzymaraton fan literêr tydskrift Ensafh yn Snits

Grutte poëzymaraton fan literêr tydskrift Ensafhyn SnitsYn it ramt fan de Nasjonale Poezywike organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op freed 31 jannewaris 2014 yn Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! De jûn is bedoeld as in oade oan ’e poëzy. Der binne trije mooglikheden:- Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze.- Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.- Gewoan komme te harkjen.Elk dy’t dichtet en foarlêst is wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne, Frysk, Stedsfrysk, in streektaal, Nederlânsk of in bûtenlânske taal, alles is goed.Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.De dichters en foarlêzers krije allegear de dichtbondel ‘Adams Apel’ fan de winner fan de Gysbert Japicx-priis 2013 Jacobus Quiryn …