donderdag 17 januari 2013

Taskôger yn jo Sneinske Pak

Taskôger yn jo Sneinske Pak

Teroelster Zijpen (L) en Houtvaart (R)
Tusken de Kûfjurd
En de Tsjûkemar
Bylket in
Lytse Pearel
Del lein as
In griene stjer
Oan’t firmamint
Fan ‘t âlde lân
De Wetterpipermûs
Yn’e Houtfeart
Brûkt de Sipen
As syn Hertlân.
De Grûnkrûper
Fielt him ek
Al Ivich thús
Yn’e blabber-
feartsjes
Fan Diken.
Taskôger yn
jo Sneinske pak
Wat wolle jo mear?

Gedicht: Anske Smit.
mei tank oan Anja en har Mem