Doorgaan naar hoofdcontent

Berichten

Berichten uit april 15, 2008 weergeven

Yn ‘e lijte by de seedyk stiet in húske

De èchte Friese sterren stralen op dit weblog!!

De Diane Ross fan Fryslân, Anneke Douma sjongt....

Yn ‘e lijte by de seedyk stiet in húske.
Op it hiem dêr boartet gol en blier in bern.
In fiskersfrou stiet mei in glimke op har antlit.
Sa nei de grappen fan ‘e lytse boai te sjen.
De boai hâld op fan boartsjen en giet nei de dyk ta.
In fiskersboat fart yn ‘e fierte him foarby.
“Oh mem as ‘k letter grut bin mei ‘k dan ek nei see ta?”
En by har antwurd rûst de see syn melodij.

Ref.
As ik sa’n skipke driuwen sjoch dêr oer de weagen.
Dan is it krekt as lûkt in dream oan my foarby.
Ik sjoch dyn heit noch wer as skipper foar myn eagen.
En tink dan “Nee, myn jonkje, ik sil weidzj’ oer dy”.
De see hat ienris dochs syn offer fan my nommen.
No bin ‘k allinnich en no freegje ik oan dy.
Bliuw by dyn mem, myn jonge, en gean net nei see ta.
Dan sil ik grif myn boaike altyd weidzj’ oer dy.

Yn ‘e lijte by de seedyk stiet in húske.
En de mem dy sit allinnich foar it rút.
De lytse boai is grut en fart no oer de weagen.
En nei…