Doorgaan naar hoofdcontent

De Sinteklazepleats

Een mooi verhaal over de Liefde....En as it ferhaal net wier is, dan is it yn alle gefallen moai betocht.........

Noch ûnder lens yn Hinnaarderadiel, mar oer 't wetter fan 'e grutte feart stiet in pleats, dy neame se al fan tiden herwaarts de Sinteklazepleats. Yn myn jonge jierren waard der al oer praat. Dy namme moast in betsjutting ha, seinen wy. Mar hokker betsjutting as dat wie, dat koenen wy noait rjocht wiis wurde. Ik frege de âlde boeren der wol ris nei. Ik wit noch wol, der wie ien boer, dy sei: 'Ik ha altyd mar tocht, en dat ha 'k myn bern ek foarhâlden: Sinteklaas is hjir berne'. No, ik sei: 'Ik miende, dat dy út Mira kaam'. Dy boer sei: 'Dêr witte dy Iju neat fan. Hy kin hjir bêst berne wêze—hoe soe dy pleats oars oan syn namme komme?'
Wy makken sels ek wol ris in gissing en wy rieplachten ek wol ris immen dy't ferstân fan pleatslike skiednis hie, mar de iene sei dit en de oare dat. Doe kaam op in kear de soan by my fan 'e boer dy't op dy pleats wenne, en dy sei: 'Wy binne der efter kommen en it is hiel ienfâldich'. Ik frege: 'Hoe ha jo dat fûn?' 'Dat komt-der net op oan', sei er, 'mar it is in âld ferhaal en dat haw ik by tafal heard'. It ferhaal sels wie er net efterhâldend mei.
Fier foar ús, sa begûn er, hat dêr ris in widdo wenne. It wie in minske fan in foech fyftich jier. Se hie in setsje troud west. It hie net sa'n tige gelokkich houlik west en se miste har man ek net sa bot—allinnich, se woe wol graach wer in man ha, mar dat wie him noait wurden.
Dy widdo buorke dêr en se hie in grutte feint, dy siet hast om en by har jierren; hy wie in bytsje jonger. Se koenen goed meiïnoar oer 'e wei. Se gongen noflik meiïnour om en wisten wat se oaninoar hienen, mar fierder wie der neat, totaal neat tusken dy twa.
Doe op in kear, it wie foar sinteklaas, hienen se sa'n praatsje. Samar sa'n praatsje. Gewoan. Sawat gekjeiendewei. De feint ornearre: 'Sinteklaas sil wol net oer de feart doare. Safier kin sa'n hynder net springe. Troch it lân komt er ek net. Dat wy sille der wol by troch reitsje'. Sjoch, der rûn gjin reed hinne, it wie in wiete rite en it lân wie smoarch.
'No', sei de frou, 'dat soe my foar jo muoie. My kin 't net sa'n soad skele. Mar jo ha altyd sa bêst oppast, dat . . .'
'Ja', sei er, 'it soe my ek muoie. Men hat dan oars ek net safolle. As men gjin húshâlding hat, is der nimmen dy't om jin tinkt. En doch soe jin dat goed dwaan'.
De oare jûns begûn de frou der wer oer. Se praten der wat op troch en op 't lêst sei se: 'Foarhinne setten wy altyd in skoech of in klomp op, foar de skoarstien, en dan krigen wy dêr wat yn. It wienen gjin grutte dingen, wat ditten en datten, mar doch, wy fûnen it prachtich. En de ferwachting tefoaren wie eigentlik noch it moaiste'.
'Dat wie by my ek sa', sei de feint, 'mar ik leaude al gau net mear oan Sinteklaas en doe krige ik ek neat mear. Hie'k der mar langer oan leaud'.
'Dan moatte jo de skea no mar ynhelje', tocht de boerinne, 'jo wurde noch ien kear wer bern en sette jo klomp ûnder de skoarstien op. Dan sille wy ris sjen, oft der de oare moarus ek wat yn sit'.
'Dy gekheid wurdt my eigentlik grut genôch'.
'Och', sei se, 'foar'e aardichheid. Miskien levert it neat op, miskien ek al. Dêr wit ik ek neat fan'.
Hawar, se krige de feint safier, dat er sei: 'No, toe dan mar'.
Dat op sinteklaasjûn—njoggen ûre gongen se dan út 'e wei—sette de feint syn bûthúsklomp op, in klomp as in oarlochsskip, want hy hie grulte fuotten neffens it ferhaal.
De oare moarns melkerstiid—it wie allegear noch tsjuster en ûngedien—doe prakkesearde er mei syn slûge kop noait wer oer dy hiele klomp. Mar wylst er ûnder de lêste ko siet, kaam it him yn 't sin: ja blikstiender, ik ha justerjûn dy klomp dêr delset. Ik bin al benijd hoe en wat.
It melken wie dien, hy rûn nei de foarein en dêr seach er de boerinne ûnder de skoarstien stean.
'Goemoarn!'sei se helderop.
'Ek moarn, frou. Jo binne der mar betiid by'.
'Ja, ja', sei se wat skruten; it klonk in bytsje oars as oars. Hy seach har ris rjocht op en del oan. Hy tocht, dêr stiet dy frou. Hea, se stiet mei de rjochterfoet yn myn klomp. Hy seach noch ris en doe sei er: 'Wat is dit hjir? Dy klompen passe jo ommers net. Jo ha folle lytser foet as ik. Of wolle jo in fyt úthelje?'
'Nee, nee, nee', sei se, 'dit hat in djippe betsjutting. It is sinteklaas, en jo krigen noait mear wat, seinen jo. En, no ja, ik woe jo graach wat ta ha. Dat sadwaande ha�'k myn foet yn jo klomp set'.
'Dêr begryp ik neat fan. Nee, dêr begryp ik neat fan'.
'Dan moatte jo ris efkes goed neitinke'.
It bleau stil. In hiel skoft. Hy skodholle op 't lêst.
'As jo it net begripe wolle', sei de boerinne. 'dan moat ik it jo dúdlik meitsje. Ik woe jo graach wat ta ha. Jo ha hjir altyd sa goed op jo plak west en no woe'k mysels mar jaan'.
'Josels jaan, josels jaan? Wat bedoele jo dêrmei?'
'Jo meitsje it my ek net maklik. Sjoch, wy ha hjir in jier of fiif tegearre omslein en wy kinne aardich—hoe liket it jo ta as wy ris man en wiif waarden'.
'No, dêr wurd ik suver kjel fan!'
'Jo hoege net kjel te wurden. Jo woenen wat yn 'e klomp ha en dat jo der yn krije dêr moatte jo tefreden mei wêze'.
De feint sei neat mear, hy rûn de keamer út en die syn wurk wer. Hy tocht der oer nei en hy wie der mei oan. In skoft letter trof er de frou allinnich.
Hy sei: 'Dat fan fan'e moarn, dat wie fansels gekheid?'
'Ja', sei se, 'wol gekheid, mar mei in betsjutting'.
Hy rûn wer fuort, mar trije dagen letter sei er: 'Ik wol ek net lytsman wêze. As jo it miene—ik bin mar allinnich en jo binne mar allinnich, it moat mar wêze'.
Neffens it ferhaal binne se yn 'e maitiid troud. Mear seit dat ferhaal der net fan, mar it sil wol gongen wêze lykas dan oan it slot fan âlde romans stiet: En se libben noch lang en gelokkich. En as it ferhaal net wier is, dan is it yn alle gefallen moai betocht.

De Sinteklazepleats bron:http://www.meertens.knaw.nl/

Populair

Albert Heijn Middelzeelaan Bosje Bruut en Beschamend gesloopt

Kijk vrienden, één beeld zegt meer dan duizend woorden. De Sneker vroedschap deeluitmakende van de - in alles omvattende wijsheid opererende Gemeenteraad van Sùd West Friesland - is hiervoor direkt verantwoordelijk. Zij hebben veel te weinig bestuurlijke verantwoordelijkheid  genomen en garanties gegeven over in het geding zijnde thema's zoals omgeving en verkeer. Zij geven ruim baan voor het grote geld. Er worden binnenkort ook nog vier keurige goed onderhouden en bewoonbare burgerhuizen door de sloopkogel vernietigd. Op welke feitelijke plek (uitgezonderd o.m. de achtergevel van de nieuwbouw) dit openbaar groen wordt gekompenseerd en waar de gesloopte woningen herbouwd is ook een black box en in de stukken onvindbaar. Of wordt het weer een sigaar uit eigen doos zoals destijds bij de sloop van een deel van het Rasterhof park. Jullie mogen het zeggen. Ik heb er de buik vol van....

First batch Denim

Helemaal zonder narcistische trekjes kom je er niet. Zeker niet als blogger! Gisteren ontving ik mijn absolute nouveauté op het gebied van spijkerbroeken. Ik bezit er nu één van de eerste driehonderd van the first batch ever afkomstig van Chris en Gavin van het eigenzinnige jeansmerk Ullac afkomstig uit Londen. De broeken worden per stuk gemaakt in een kleine italiaanse familie fabriek in Urbania. Er  wordt gefluisterd dat deze familie als 's wereld beste jeans in elkaar zet. Ik kan dat nu beamen en bevestigen. Het dragen van deze karakteristieke heavy, raw. 16oz selvedge en duurzame denim  geeft mij hetzelfde gevoel als mijn allereerste in 1965. Dat zegt toch wel wat.

For a Limbo Dancer

Wie wil er nu gewoon zijn?

De rentmeester aller rentmeesters Sybrand van Haersma Buma presenteerde onlangs de Gewone Nederlander tijdens de H.J. Schoo lezing. In de NRC van vandaag wijdt Lamyae Aharouay er een column aan. Ik vroeg mij af - bij het lezen van haar column - of ik eigenlijk wel een gewone Nederlander ben. Zou ik - met mijn geboorteplaats Hylpen, mijn langdurige Sneeker domicilie, mijn Friese identiteit en mijn Nederlandse paspoort - nog wel een gewone Nederlander zijn? Opgevoed zoals zovelen met het Nederlandse calvinistische credo "doe-maar-gewoon-dan-doe-je gek-genoeg" Misschien weet Lamyae het antwoord? Ik verdenk haar van een behoorlijk inzichtelijke helicopterview. Daarom stuurde ik  haar een mailtje. Eigenlijk, met de vraag hoe gewoon ik wel niet ben.
Beste Lamyae Tja.. de gewone nl-er. De vraag stellen is simpel; het antwoord....? Ik (67) geef je een subjectieve dwarsdoorsnede  van mijn bestaan door middel van circa twaalf jaar bloggen (3060) en twitteren (ongeveer 20.000 tweets) …

Een filmpje over de aanleg van een dassentunnel